It rint stoarm mei de kaartferkeap foar it iepen loft teaterstik oer 80 jier frijheid op Dokkumer Nije Silen. De jûnsfoarstellingen binne op 20, 21, 22, 27, 28 en 29 juny 2025.

Om minsken dy't gjin kaart mear krije koene dochs noch in lêste mooglikheid te bieden binne der op alle 6 jûnen 20 ekstra sitplakken kreërd. Dy nije kaarten binne sûnt 19 juny 10 oere digitaal te krijen, mar ek dy kinne gau op wêze. Sjoch foar kaarten op:

https://www.mgtickets.nl/

 

Brêge nei frijheid fertelt it ferhaal oer twa bêste freondinnen út Dokkumer Nije Silen, bern noch mar. Yn oarlochstiid bedarje se fan it iene spannende aventoer yn it oare. Opgroeie yn oarlochstiid is net ienfâldich, hielendal net as de bern ek noch ûnderdûke moatte fier fan hûs. Sille se harren mem ea weromsjen? Trailer:

Kom, sjoch en belibje dit spannende aventoer mei ús mei by Masquerade Theater Jongerein!

Mear hjiroer:

Masquerade: Brêge nei Frijheid - RTV NOF Nieuws

5 mei 2025 80 jaar bevrijding Kollumersweach en Feankleaster