It rint stoarm mei de kaartferkeap foar it iepen loft teäterstik oer 80 jier frijheid op Dokkumer Nije Silen. Fan de 6 jûnsfoarstellingen binne der al 4 jûnen útferkocht. Oan dizze foarstellingen fan it jeugdteäter by Dokkumer Nije Silen dogge dit jier trouwens ek in oantal folwoeksenen mei. Inkeld foar de sneintejûnen binne der noch kaarten te krijen op:
Brêge nei Frijheid | 22 juni | MGTickets
Brêge nei Frijheid | 29 juni | MGTickets
Brêge nei frijheid fertelt it ferhaal oer twa bêste freondinnen út Dokkumer Nije Silen, bern noch mar. Yn oarlochstiid bedarje se fan it iene spannende aventoer yn it oare. Opgroeie yn oarlochstiid is net ienfâldich, hielendal net as de bern ek noch ûnderdûke moatte fier fan hûs. Sille se harren mem ea weromsjen? Trailer:
Kom, sjoch en belibje dit spannende aventoer mei ús mei by Masquerade Theater Jongerein!
Mear hjiroer:
Masquerade: Brêge nei Frijheid - RTV NOF Nieuws
5 mei 2025 80 jaar bevrijding Kollumersweach en Feankleaster