Ik bin no alwer in wike thús fan skoalle no ‘t de eksamens achter de rêch binne, en ik tocht wat sil ik ris by ’t ein hawwe? De ôfrûne wike bin ik in protte dwaande west mei myn musyk, en mei kunstbende mar no, no woe ik wer ris skriuwe. Dus ik gie oan it tinken, wêr is in ferhaal te fertellen, en wêr is in ferhaal te heljen? No by de ynwenners fan us Kollumersweach natuurlik!

En dêrom begjin ik fanôf dizze wike mei in nei kollumn : “de Sweachsters” wêr yn te lêsen is oer de minsken dy ’t lyk as ik op ‘e Sweach wenje, lang of koart dat makket neat út want we binne allegear, Sweachsters .

Dizze wike bin ik by goeie bekenden fan it doarp en goeie kenners fan it doarp.

Hawwe jim altyd al yn ‘e Sweach wenne?

De yn ‘e Sweach sawat beroemde “Ome Klaas” is berne yn wat toen nog Sweacherfean hiete, en no Kollumersweach is.

Gerlofke Anna is yn ‘e Sweach berne en is al har hiele libben ferbûn mei de Sweach, se is om presys te wêzen berne op de Foarwei te Sweacherfean wat no lyk as Sânbulten ek Kollumersweach is. Fandêr dus ek de Trije doarpen, wisten jo dat? Fêst wol, mar ik net. Letter, doe’t se in jier as 4 wie binne harren âlders ferhúze nei it hûs neist de foar de doarpelingen beroemde “Bakkerij Krook”.

Gerlofke Anna: “Dêrnei binne we troud en harre we sa’n oardel jier oan ‘e Feartswei wenne, doe binne we nei de Bjirkehof ferhúze, en dêr ha we…”

It ferhaal waard ûnderbrutsen mei in oar foar my noch nea heard ferhaal, ferteld troch de al om bekende “ome Klaas” wat foar my nij, en efkes wenne is oansjûn it einst myn mem har ome Klaas is… mar we geane fierder.

…“ En watsto noch net heard hast, we wennen dêr en we hienen noch gjin bern, mar der kaam wol geregeld een faam by ús yn ‘e hûs, letter is dy op in gegeven momint troud mei in broerke fan my en dêr ha ik noch in hiele moaie foto fan.”

(En doe gienen myn radarkes draaien, sjoch ik bin soms wol ris iets te hurd mei konklusies lûken mar ik wie der toch wol hiel seker fan, dat dizze ome Klaas it hie oer myn pake… En dat kloppe, ik hie dit ferhaal noch nea heard, mar ik fûn it toch wol hiel moai om te hearen, ik wol lykwols altyd heare wat er allegear bart is yn ‘e famylje kwa romantyske en moaie dingen dan. Ja, want alle drama dy’t der yn eltse famylje wol spilet, dêr kin ik neat mei, en dat hoef ik dan ek net sa neadich te witten hear…)

“Doe’t we op ‘e Bjirkenhof wennen ha we in soad minsken yn hûs hân as gastgesin, útwikselingstudinten, groepen fan tsjerke út, mar ek individuen. Allegear foar koartere perioaden, hiel leuk en sommigen kinne we no noch wol. Der stiet in tekst yn ‘e bibel, dy giet oer ingelen húsfeste. It komt derop del dat, ûndanks datst elkoars taal net sprekst, en der soms gjin hannen of fuotten oan fêst knoopje kinst, do hast toch in konneksje mei de minsken hân, en efternij komst dan tot de ûntdekking datst in soart ingelen húsfestige hast.

En eartiids, wat foar herrinneringen hawwe jimme noch oan jim jeugd yn ‘e Sweach?

Gerlofke Anna: “toen ik in jier as 14/15 wie wurke ik by “Rekker”, wat no de Spar is. De supermarkten wienen doe yn opkomst, mar dy wienen der hielendal noch net sa at we dy no hawwe. Alles moast mei de hân ôfwûgen wurde, de produkten wurden allegear persoanlik trochjûn, ophelle en ôfwûgen. Alles waard doe yn grutte pûden levere en der moasten wy alles út ôfwege en oan ‘e klandysje jaan. Undanks dat it swier wurk wie, ha we in soad wille hân. *Se laket* ja, Sjoukje en ik ha wat stien ôf te wegen.”

Misse jim it kontakt mei de freonen fan eartiids wol ris?

“Ja, mar dat giet sa, it kontakt ferwettere, elk giet syn eigen paad yn it libben en it ferfier wie doe ek in stik lestiger. We ha harren wol wer ris wer werom sjoen hear, lesten kamen we Sjoukje en har sus dy ’t ek by Rekker wurke noch tsjin yn it Feankleaster.”

Wat is der feroare wêrtroch de relaasjes en omgong yn doarpen feroare is?

Nei in skoftsje prakkesearjen kamen se tot de konklúsje dat it “de tiid” en it âlder wurden wie wat it feroare hat. Je hienen at je âlder wurden ek genoch oan je eigen gesin en wurk. Eartiids, fertelden se, wie it sa dat at er help nedich wie, doarpelingen harren bern stjoerden om de minsken by te stean. Dat wie in morele ferplichting, en ek fanút de tsjerke wie dit sa. It wie as it ware net mear as normaal dat dyn âlders bepaalden hoesto dyn frije tiid trochbrochtest. It wie in freonentsjinst, at er wat wie dan “gienen de famkes wol efkes hinne om te helpen”.

De sosiale kontrôle wie doe dus in stik grutter as no, mar is dat ek ferkeard frege ik my ôf? Is it net ek noflik om dyn eigen libbentsje te hawwen, en is it miskien ek sa dat der dêrtroch tsjintwurdich safolle alde minsken sa iensum binne?

Gerlofke Anna: “ús âldste wie in jier of 16/18 en moast steeds mear leare foar skoalle, op de Bjirkehof wie gjin CV, en we seagen dat er hjir op ‘e Kastanjehof ek hûzen boud waarden. Uteinlik hat it noch wol in skoftsje duorre, mar we ha it hûs nei dat wy it in skoftsje hierd ha, kocht. Neist de CV wie it ek hiel noflik dat we in ekstra keamer en in souder hienen en…”

Ome Klaas: “ ja, en noch in reden foar it ferhúzjen die’st no ferjist is…”

(nei noch in oar ferhaal sei ús “ome Klaas” dat dat eins net it ferhaal wie wêr ’t er op doelde, en dus fertelt er it josels.)

Ome Klaas: “hjir hie ik mear rûmte om mei myn hobby dwaande te wêzen neist myn wurk op skoalle”.

En wat foar hobby bedoelt ome Klaas dan?

“ljocht en gelûdstechnyk, en dit koe ik no moai yn myn sels boude hok útoefenje neist myn taak op skoalle.”

*Ik wit net folle oer myn eigen famylje, ik hie dit nea riede kind, mar dat ‘terzijde’.*

“En ast my no efkes fregest wat de moaiste opdracht wie dy ’t ik krigen ha…”

No Ome Klaas, wat wie de aller moaiste opdracht dy ’t Ome Klaas ea krigen hat?

Ome Klaas: “dat wie op in sneine moanne , de jûn derfoar wie der in popkonsert west yn it Fean. En in famke wie dêrnei net thúskaam, de plysje frege my om mei de gelûdsauto in berjocht troch de strjitten fan it Fean te ferspreiden.”

*er waard efkes in koarte ympresje fan dy moanne jûn, wes tariede*

“ Wilt u uitkijken naar een meisje met” en doe waard it signalement jûn. Underweis ried ik, want ja it wie in snein, troch de tsjerketsjinsten hinne… Oan ‘e klean wie te sjen, dat it wol in “pittich tsjerkje” wie en ik koe ek wol sjen dat de minsken net sa bliid mei my wienen. Doe’t ik noch gjin kertier thús wie, belle de plysje my op, it famke wie terjochte. Se hie de hiele moanne ferskûle yn de boskjes sitten en sels it berjocht heard. Ek al wie it net de bedoeling, omt it ûnferwachts, en op in snein wie, it resultaat wie ferbluffend, en achterôf wie it dochs it moaiste wat ik ea dwaan mocht.”

Wat is jim moaiste, dierbaarste herinnering oan ‘e Sweach?

*hjir moasten se in hiel skoft oer nei tinke, dat wie fanselssprekkend ek net nuver trochdat de Sweachsters al har hiele libben yn ‘e Sweach wenje (foar hoe dizze no is, en wat er no allegear by heard) nei lang tinken en mompeljen seinen se dit:*

Gerlofke Anna: “it wie allegear moai, we ha hjir altyd mei in soad wille wenne, en we hoege hjir om my nea wer wei.”

Ome Klaas: “ik haw yn ‘e ûndernimmersferieniging en yn ‘e doarpsferieniging sitten, ik bin in soad yn ‘e Trije Doarpen west dat wie allegear leuk, mar der is net iets wat er echt útspringt. In grut stik fan myn libben leit by de skoalle en de bern. Der is einst gjin ien dy ’t sa folle omke sissers hat op ‘e Sweach as ik.”

En witte jo miskien ek wa’t ik hjirnei ynterfieuwe kin?

“Do soest myn klasgenoat Eppie wol wat freegje kinne, dy wit in hiel soad oer Kollumersweach.”