Doe ’t yn 2020 SVK fanwege in tekoart oan trainers en leden stopje moast, kaam der ek in ein yn Kollumersweach oan de ôfdieling badminton. De badmintonners spilen al sa’n 25 jier op de woansdei-jûn yn de sportseal fan Kollumersweach, mar koenen dit net selsstannich trochsette.
Trochdat der elk jier al in útwikseling wie mei de Badmintonferieniging “Oer it net” fan Damwâld, ûntstie de mooglikheid fan in soarte fan trochstart. De badmintonners spylje no elke woansdei yn de Sikkemahal yn de Westereen, mei as ekstra mogelikheid om ek yn Feanwâlden of Damwâld te spyljen.
Net folle minsken fan Kollumersweach witte dat dizze sport noch sa ticht by hûs beoefene wurde kin. Foar de badmintonners is der sa net folle feroare, allinne mear mooglikheden om te spyljen en bygelyks yn de Westereen elke earste woansdei fan de moanne in training ûnder lieding fan Klaas en Dorine.
Tinkst dat dizze sport wat foar dy is, kom ris lâns en spylje mei. De earste moanne kinst fergees meidwaan. Kinst dyn eigen racket meinimme en oars binne der wol rackets beskikber. Fierders is it ek altyd tige gesellich, dus wat let dy om ris mei te dwaan. We begjinne om healwei 8 oant 9 oere.