Herman en Lys fiere fakânsje op in kemping yn Dútslân oan de Rijn, lyk tsjinoer de Loreley.

Se binne al wat langer troud en alles giet net mear fan in laaien dakje. As der in boat foarby fart, en Herman sjocht syn skoanmem dêr op stean, wit er dat syn fakânsje wol es oars ferrinne kin as dat er tocht hie. Syn fermoedens komme út en skoanmem komt alle dagen even del, mei har nije flam, Job.

Dirkje, in swalkster, wennet sa’n bytsje op it bankje dat flakby de karavan fan Herman en Lys stiet. Sy bemuoit har sawat oeral mei en dat falt net by elk yn goede ierde. Rianne is oan it “Backpacken” en rekket troch ek op it bankje te sitten by Dirkje yn de kunde mei al de oaren op de kemping. Fred, de stikeme frijer fan Lys, komt ’tafallich’ neist harren te stean en syn frou Mira sil der in dei op út, tagelyk as Herman in middei nei de “Loreley’ is…

De spieldata binne:

    • Saterje 17 februari yn doarpshûs “de Bazuin” op ‘e Trieme oanfang 20:00 0ere.
    • Snein 18 februari yn doarpshûs “De Bazuin” op ‘e Trieme oanfang 15:00 oere.
    • Freed 23 februari yn doarpshûs “De nije Warf” yn Wâlterswâld oanfang 20:00 oere.
    • Saterje 24 februari yn doarpshûs “De Trije Doarpen” yn Kollumersweach oanfang 20:00 oere.

 

    Meer informatie: https:/www.noflik-Tegearre.nl

IMG 0789

 

IMG 0788