Goeie, ik freegje it my ôf… soe der dit jier noch in âlvestêdetocht komme?

Ik wit it net hear, ik soe it wol hiel moai fine at ik sels mei in pear freondinnen op ’t iis stean kin.

Reedride is stiekem wol ien fan de dingen dy foar my winter moai makket, mar der binne noch folle mear moaie dingen dizze wiken. Sa riid ik fan ‘e moarn op de fyts nei skoalle en ik seach echt it meast moaie foarjiers plaatsje, krekt bûten Kollum. Een lân fol fûgels, guozzen mei yn ‘e midden in grutte swanne en doe’t ik nei de sinne seach en tocht dat it net moaier koe, kaam der ynienen in hazze oan springen.

De fûgels dy foar de wrâld songen, de dei nei myn jidje wernei’t ik meastal in bytsje in “nei-jidjes-dipke” ha, makken it fytsen nei skoalle safolle nofliker. Sa sjogge jo mar wer dat lokkichheid yn hiele lytse en grutske dingen sitte kin. Myn punt is dat it klisjee: “lok sit yn de lytste dinkjes” hielendal kloppet, mar sels dan moatte jo it sels noch probeare te fielen. Ofwol iepen stean foar alle dingen om je hinne. Allinnich dàn kinne jo se ûnderfine en genietsje fan dat lokkige sinnestrieltsje yn jo siel.

Wat tinke, en fine jo? Ik soe graach jo foefkes heare om dat gefûl te ûnderfinen, dat kin fia facebook of de mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken..

Noflike dei, groetsjes fan Anouk.