Masquerade Theater presintearret: Tsjoensters fan Ie

Poster website

Bekijk ook de Trailer

 

Nei it sukses fan de foargeande jierren komme Bianca Wiersma en Vera van Lierop opnij mei in ferrassend stik foar Masquerade Theater. It is skreaun nei oanlieding fan de ynbring fan de spilers en harren sels betochte personaazjes. De muzyk is wer spesjaal foar Masquerade Theater komponearre troch Vera. De Masquerade-band sil dizze muzyk live by de foarstellingen spylje, wertroch it in unyk en bysunder gehiel wurdt. Dit jier meitsje wy op in kreatieve manier gebruk fan recycle materiaal, fan kostuums oant rekwisieten en dekor. Dizze foarstelling is tige geskikt foar publyk fan 4 tot 144.

Yn it lan fan Ie is in striid geande om de macht oer it lan. It liket oft de kweade kant oan de winnende han is. Mar hjir komt feroaring yn wannear der ynienen trije fremdelingen op besite komme. Harren unferwachte besyk stjoert alles yn it hundert. Al hielendal wannear sy help krije fan de Grutte Guchelder...

In ferhaal oer goed en kwead, werby bliken docht dat wannear asto dyn hert, harsens en goede moed brukst, it altiid wer goed komt.

We spylje op:

Freed 7 july & sneon 8 july (min waar/sukses opsje: snein 9 july)
Freed 14 july & sneon 15 july (min waar/sukses opsje: snein 16 july)
De lokaasje is Foarwei 183 yn Kollumersweach, efter Van Seggeren Techniek.

Kaarten kinne yn de foarferkeap kocht wurde fanof 10 juny by de Spar yn Kollumersweach.
Bestelle kin ek fia: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.


 
Of jo kinne skilje mei de MasqueradeTheater telefoan*: 06-20102701 
*Dit numer is berikber yn juntyd fanof 19:00 oant 21:30 oere.

Hald de webside yn e gaten foar de leste update.
Mar better noch... folgje us op Facebook & Twitter.
Dan bist der wis fan datst neat mist!!!